Krisis (2) 25/12/2011
Mei alle oandacht dy't nei de klassiken (Grikelân en Itaalje) giet, is der ien groep dy't yn dizze tiid fan krisis oer 'e holle sjoen wurdt..... Add Comment Krisis! (1) 24/12/2011
Of de krisis is no sa slim dat der no sels besunige wurdt op it legen fan glêskonteneres, of it giet noch sa goed dat wy hieltiid mear keapje en it net mear ferwurke wurde kin. Gevaarlijk! Drijfzand! 22/12/2011
Kryst 20/12/2011
Us krystbeam stiet, ik haw Phil Spector's A Christmas Gift For You spile en Serious Request is wer op 'e radio, dat ik bin wer hielendal yn kryststimming. Yn Grins stiet in pracht fan in krystbeam, makke fan âlde fytsen en grien oanljochte. "Oh fietsenboom, oh fietsenboom, wat zijn uw spaken wonderschoon". Top 5 krystnûmers: 1. Do they know it's Xmas - Band Aid 2. Xmas was a friend of mine - Fay Lovsky 3. Stop the cavalry - Jona Lewie 4. Happy Xmas (war is over) - John Lennon 5. Jesus blood never failed me yet - Gavin Bryars, feat. Tom Waits Busstop 25/11/2011
Even siet de bus fêst op 'e piip fan 'e Wortelhaven nei de Voorstreek yn Ljouwert. De sjauffeur naam de sitewaasje koelbloedich op en mei de luchtfering waard de bus in bytsje heger op 'e stjillen lein en koe wer fierder ride. Mohikaan 23/11/2011
It regear wol dat jongerein allinnich noch stúdzjes folgje dy’t ekonomysk nut hawwe. In ekonomysk oerstallige stúdzje as Frysk wurdt dêrom - yn alle gefallen as twadde stúdzje - ûnbetelber makke.
Professor Jensma fertelt op denachtrider.blogspot.com dat er wurket oan in fernijing fan it kurikulum. Hy besiket fan studinten Frysk adviseurs op it mêd fan meartaligens te meitsjen. Ekonomysk al wer in bytsje rendabeler, al tink ik net dat we Grikelân dêrmei fan de ûndergong rêde. It is lykwols better as om ‘e nocht ompiele mei taalskiednis en literatuer. Fjorden Baby! - Himmelen 21/11/2011
Het Persoonsgebonden Budget (PGB) heeft een slechte naam. Ik merk dat omdat er tegenwoordig anders over wordt gepraat dan halverwege de jaren negentig, toen het werd ingevoerd. Toen waren er eigenlijk alleen jubelverhalen over het PGB: het bracht vernieuwing van zorgfinanciering en gaf mensen de regie in handen over de zorgverlening. Als ik tegenwoordig eens een gesprek over PGB begin, gaat het binnen de kortste keren over het onderwerp PGB-fraude.
Al een paar jaar geleden doken verhalen op in de media dat er met PGB gefraudeerd zou worden. Zelf was ik daarover niet verbaasd. Overal waar mensen geld van de overheid kunnen krijgen, tref je fraude aan. Of het nou in de bouw, de kinderbijslag of de belastingen is, altijd zijn er mensen die kwaad willen. Dat is echter nooit een reden geweest om bouwsubsidies of kinderbijslag maar af te schaffen. Skoech yn it sân 18/10/2011
Jo tinke: hy hat op it strân fan Denemarken west en dêr lei in skoech yn it sân en jo soene gelyk hawwe kinne. It is lykwols allegear in kwestje fan perspektyf, is 't net? Ik sjoch in skoech en dizze skoech heart by in frou. Ik sjoch in frou yn 'e hurde wyn oan it strân. Skoech oan 'e foet, sân yn 'e eagen. Ik sjoch in kûle, in djippe kûle. Ik sjoch in frou mei in skoech yn in djippe kûle en de hurde wyn waait sân yn 'e kûle. Bulten sân. Nei trije oeren is der neat mear te sjen as in skoech yn it sân. As ik soks sjoch, kin ik it net gean litte: ik moat grave, want it kin fansels in ferneamde frou wêze, lykas de nije premier fan Denemarken, of in rike Hollywood aktrise dy't mei fakânsje is yn Denemarken, of in fee dy't sa tankber is dat ik trije winsken dwaan mei. Haw ik oan it graven west? It libben fan in Hollywood aktrise rêden? Nee, fansels net. Do kinst dêr oeren oan it graven wêze, ta fermaak fan oare minsken op it strân en by eintsjebeslút hellest in 'frou Endrup fan Esbjerg' ûnder it sân wei. Dat is my alle muoite net wurdich. Goed nijs! 17/10/2011
Us krystbeamkes steane al wer klear yn Denemarken! Se hoege allinnich mar út 'e grûn helle te wurden. Sels de priiskaartsjes sitte der al yn.... | It weblog yn de media
“In een wereld met 152 miljoen blogs, 25 miljard tweets, 202 miljoen domeinnamen en 600 miljoen Facebook leden, is dit een welkome aanvulling” Berber Brinkman, CEO BreiWurk "We almost wrote an article on this weblog!" The Social Media Times Op Twitter: @beersTweet
“Inspirationally, sensationally, emotionally! Potentially"
Hamster Weekly
|


RSS Feed
