Aldfryske skaaimerken
In nijsgjirrich aspekt fan de beide dialekten is dat der fan sein wurdt dat it nijere ûntjouwings fan it Frysk net meimakke hat en dêrtroch soene der klanken fan it Aldfrysk yn bewarre bleaun wêze.
Sawol De Boer (1950) as Miedema (1986) hawwe dêr ûndersyk nei dien. Wat it Hylpersk oanbelanget binne der guon wurden dy’t tichter by it Aldfrysk (fan ‘e Súdwesthoeke), as by de Nijfryske foarm lizze, bygelyks: Aldfrysk Hylpersk Frysk bok book boek haech[1] haach heech land laand lân hyo jo sy fynda fynde fine Beide fariëteiten hawwe yn guon posysjes de l bewarre dêr’t it Frysk dy hjoed-de-dei wei lit. Hoewol’t der lytse ferskillen binne tusken de Hylper en Molkwarder wurden, giet it yn beide dialekten om it útbliuwen fan de ûntjouwing, sa’t him dy’t yn it Frysk wol foardien hat. Molkw. Hylpersk Frysk ald aald âld ienvaldig eenfaldich ienfâldich haald haald hâld goold goald goud scholder skoalder skouder
Men kin op basis fan it boppesteande konludearje, dat stikmannich Aldfryske skaaimerken yn it Hylpersk bewarre bleaun binne, mar de reputaasje liket my grutter ta as de praktyk. Yn syn stúdzje hat De Boer hat in grut tal wurden samle, dêr’t fan oanjûn wurdt oft de Aldfryske klank bewarre bleaun is, oft de Aldfryske klank bewarre bleaun is of him ta in nije klank ûntjûn hat. It is foar dit stik te folle om alle wurden en lûden mei inoar te ferlykjen; ik sil dêrom allinnich de by De Boer neamde wurden mei Aldfryske a ferlykje mei de Hylperske en Nijfryske wjergaders.
Dit binne de wurden dêr’t de Aldfryske a gelyk bleaun is yn it hjoeddeiske Hylpersk. Yn guon gefallen hat it Nijfrysk oare lûden as de ai yn laitsje of de aa yn baarne, mar likegoed is de Aldfryske a bewarre bleaun yn inkelde Nijfryske wurden: acht, farre, flarde, ensfh. Hjir leit it Hylpersk tichter by it Aldfrysk, mar ek it Nijfrysk hat ldfryske lûden bewarre. Hjir is yn de Hylperske wurden de Aldfryske a ferfongen troch in oar lûd, nammentlik de (lange) a:. Wat de Nijfryske wurden oanbelanget: hja hawwe oer it generaal ek in oar lûd krige (benammen de â yn sân en lân), mar yn de gefallen fan nacht, wachtsje en kamp hat no krekt it Nijfrysk en net it Hylpersk de Aldfryske (koarte) a bewarre. Wêr’t it Hylpersk de koarte a ferfongen hat troch in lange a, liket ek it Nijfrysk him distansearre te hawwen fan it Aldfrysk.
Op it plak dêr’t it Hylpersk fan de Aldfryske a in ɛ foarme hat, komme op in grut tal plakken it Ald- en Nijfrysk mei inoar oerien. It Nijfrysk hat de Aldfryske a noch altyd yn wurden as stappe, hawwe, lade, hazze, skamje en harkje. It Nijfrysk hat yn safolle gefallen gjin klankferoaring makke, dêr’t it Hylpersk dat wol dien hat nei de ɛ, dat it Nijfrysk yn dizze gefallen tichter by it Aldfrysk leit. Aldfryske a Hylperske y[6] Nijfrysk branga brynge bringe angel yngel ingel thanka tynke tinke Utgeande fan De Boer soene it Hylpersk en Nijfrysk hjir deselde ûntjouwing – wei fan it Aldfrysk – makke hawwe. Rekkenet men lykwols mei Aldwesterlauwerskefoarmen fan de hjir brûkte Aldeasterlauwerske foarbylden as bringa, ingel of thinka, dan is de klank likegoed yn itNijfrysk bewarre bleaun as yn it Hylpersk. Al mei al liket der gjin reden te wêzen oan te nimmen datAldfryske lûden it Hylpersk better bewarre bleaun binne as yn it hjoeddeistige Frysk. [1] De e yn dit wurd, wurdt brûkt om ferlinging fan de a oan te jaan. [2] By útsûndering jou ik hjir de werjefte fan De Boer (1950) wer, mei ferlinge a:, it Hylpersk Wurdboek fan Blom jout hjir as Hylperske foarm nacht (naxt) wer, gelyk oan de Ald- en Nijfryske foarm. [3] idem [4] De Boer (1950) notearret hjir in a:, neffens it Hylper Wurdboek fan Blom hat kamp lykwols in koarte a, gelyk oan de Ald- en Nijfryske foarm [5] Dit wurd komt by Blom net foar; ik folgje hjir de stavering fan De Boer. [6] De Boer (1950) notearret hjir in i; ik folgje de stavering fan it Hylper Wurdboek fan Blom. |
Johannes Beers